Dryltser Folksliet

US DRYLTS

Skip sûnder roer

Dêr 't de griene greiden blomkje
Tusken Geeu en Wymerts yn,
Dêr leit jimmer 't âlde stedsje,
Sa frij en rom yn sinneskyn,
Dêr 't it fee sa freedsum weidet
Simmer oan 'e buorren ta,
Dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
Dêr 't wy as bern al boarte ha (twaris)

Dêr twa tuorkes jin fan fierren
Wize 't paad nei 't âlde plak,
Dêr 't de âlde Rôt syn ramt jit
Utstekt boppe mannich dak,
Dêr 't it gûlen fan 'e steamfluit
Oeren fier fertelt yn 't rûn,
Dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
Wy hawwe yn dy sa'n freonskip fûn (twaris)

Dêr 't de skippen en 'e boaten
Farre tusken 't griene reid
Dêr 't de dauwe simmerjûns sa
Drôgjend oer 'e fjilden leit,
Dêr 't winters rêde skonken skreppe
Op it spegelglêde iis,
Dêr leit Drylts, it âlde stedsje,
Wy bin' dochs mei dy sa wiis (twaris)

Wize: It Heitelân
Cornelis Schilstra

Sels it Dryltser folksliet sprekt fan twa tuorkes
Wy kinne dochs net ien derfan ôfbrekke?