Nederlands

De Emigrant

Fryske foarstelling De Emigrant
mei Freark Smink en Theo Smedes yn de Stadslaankerk 3 april 2013 om 20:00 oere

UTFERKOCHT!

Ynlieding
Freark Smink krűpt yn de hűd fan de Fryske emigrant.
Freark Smink sil, nei de suksesfolle foarstellingsrige ‘Zelle’, spylje yn in produksje dy’t hielendal yn it ramt stean sil fan de Fryske emigraasje. In protte Friezen binne nei de Twadde Wrâldoarloch emigrearre nei ű.o. Amearika en Kanada.
En noch lűke jierliks tűzenden minsken nei it bűtenlân. Dreaun troch hope op in better libben yn in lân fol űnbegrinze mooglikheden. De prachtige en oandwaanlike ferhalen dy’t dizze Fryske emigranten by harren drage binne de oanlieding west foar inisjatyfnimmer David Lelieveld om in foarstelling te meitsjen oer de Fryske emigranten. De tekst sil skreaun wurde troch Romke Toering en de produksje is yn hannen fan David Lelieveld yn gearwurking mei Theo Smedes, dy’t ek in rol yn de foarstelling spylje sil. De premjęre is op 13 maart 2013. De Emigrant is in produksje fan stichting Pier21.

De Emigrant

Programma
Emigrearje! Amearika, Amearika!
Al mear as twa ieuwen reizgje lânferhuzers de wrâld yn op syk nei in nij en better bestean. benammen nei de twadde wrâldoarloch wie emigraasje it grutte toverwurd. Werom gongen se, wat beweegde har, al dy emigranten. Sa fier fan hűs. In net te fernearen űnwennigens. Bikkelje yn in it lân fan dream en winsken.
‘De Emigrant’ fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in emigrant, dy’t fyftich jier lyn yn sân hasten de oséaan oer stuts nei Kanada. Ek hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in ridlik grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen. De Haas hat noait wer nei it heitelân werom west. No’t er út it wurk is, is der gelegenheid om te prakkesearjen, om te twifeljen. No is der tiid en romte foar űnwennigens en in ferlet om it lân fan de memmetaal noch ris op te sykjen.
De reis nei it heitelân wurdt foar de emigrant oan alle einen en kanten konfrontearjend. It fuortgean is hast identyk oan fyftich jier lyn. Konfrontearjend is allyksa it petear dat er mei in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante hat. In kranteman fan bűtenlânse komôf. In nijsgjirrige moeting tusken in Fryske emi- en in ymmigrant, dy’t beide wrakselje tusken twa wrâlden. By syn thúskomst yn Kanada,wurdt de âld boer konfrontearre mei de twingende winsk fan syn soan. De winsk om werom te kearen nei syn roots.
Emigrearje! Europa! Europa!


Mededelingen
De entreeprijs is inclusief een kopje koffie of thee in de pauze
Houdt deze site in de gaten voor meer informatie over programma, kaartverkoop en eventuele wijzigingen.
De zaal is open om 19:15 uur. Er is slechts een beperkt aantal kaarten beschikbaar; vol is vol.
Meer weten? Kijk op de website van De Emigrant.
Recensies van de première op 16 maart stonden in het Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant.

Kaartverkoop
UITVERKOCHT!
Er zijn geen kaarten meer beschikbaar voor de voorstelling van 3 april in de Stadslaankerk.
Kijk voor andere voorstellingsdata op de site van De Emigrant.

Parkeren
Aan de Stadslaan is slechts beperkte parkeergelegenheid, maar op een enkele minuten loopafstand is voldoende parkeergelegenheid te vinden. Parkeren is mogelijk bij het Gemeentehuis, Wilhelminastraat (vh Mienskipshus) en aan de Dassenboarch.